WordPress.org

Oer

Domeinen

Domeinen

Om ferskate redenen yn ferbân mei ús WordPress-hannelsmerk freegje wy jo, as jo in side oer WordPress begjinne wolle of in side dy’t dermei te krijen hat, dat jo gjin “WordPress” yn de domeinnamme brûke. Besykje ynstee “wp” te brûken, of in oare fariant. Wy binne gjin juristen, mar hiel goede sizze ús dat wy dit dwaan moatte om ús hannelsmerk te beskermjen. Ek hawwe in protte brûkers ús ferteld dat se it betiizjend fine.

Ast al in domein hast mei “WordPress” deryn, dan is it prima om it troch te stjoeren nei it “wp”-ekwivalint, salang’t it haaddomein dat brûkers sjogge en datst promoatest gjin “WordPress” befettet; en op ’e lange termyn soest beskôgje moatte om it âlde oer te dragen oan de Foundation.

“WordPress” yn subdomeinen is prima, lykas wordpress.example.com, wy meitsje ús allinnich soargen oer top-level-domeinen.

Wy hawwe dit tsjin elkenien sein dy’t it ús ea frege hat; wy woenen it gewoan iepenbier meitsje sadat mear minsken fan dit belied op ’e hichte wêze kinne.

Ast oare domeinen sjochst dy’t WordPress brûke, en se binne net WordPress.com, WordPress.net, WordPress.org, WordPress.tv of WordPressFoundation.org, dan is dat net tastien. Do soest kontakt opnimme moatte mei de eigner en nei dizze side ferwize. Wy sjogge dit it faakst by spammy siden dy’t plugins en tema’s ferspriede mei malware deryn. Troch se derop oan te sprekken, helpst de yntegriteit fan it projekt te beskermjen.

Sponsor
SponsoredKunjungi sekarang
Promo